Taname tal auto-ynbraken yn Ljouwert

14 jul 2016 - 13:38

Der binne de lêste tiid folle mear autoynbraken yn Ljouwert. De plysje sprekt fan in tige grutte taname, by persoane-auto's én by bedriuwsauto's. De dieders binne rûnom yn de stêd aktyf en nimme fan alles mei, fan ark oant mobile telefoans.

De plysje leit minsken op it hert om al it weardefol guod út de auto te heljen. Ek saken as klean en boadskiptassen kinne it bêst net achterlitten wurde yn 'e auto.

Trefwurden: 
auto-ynbraak Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)