Feilichheidsregio wurdt partner Fryslân Hartveilig

14 jul 2016 - 13:26

De Veiligheidsregio Fryslân is offisjeel partner wurden fan de Stichting Fryslân Hartveilig. Neffens de stifting kinne hjirtroch tsientallen ekstra libbens rêden wurde. De Veiligheidsregio Fryslân bestiet út de brânwacht, de GGD en krisisbehearsking.

In grut part fan de meiwurkers kin reanimearje. Boppedat hawwe de 60 brânwachtkazernen yn de provinsje in AED, dy kinne no ek brûkt wurde troch de stifting.

De Veiligheidsregio Fryslân en de Stichting Fryslân Hartveilig sille tegearre boargers oanspoare om har oan te melden as reanimaasje-boargerhelpferliener.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)