Witte Kruis nimt ferfier Dokterswacht oer fan Kijlstra

© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Ambulânse-organisaasje Witte Kruis út Den Haag fersoarget fan takom jier ôf it ferfier foar de Dokterswacht. Dat wurdt op dit stuit noch dien troch Kijlstra, mar it kontrakt mei dat bedriuw rint ein febrewaris ôf.
By in oanbestegingsproseduere kaam Witte Kruis as bêste út de bus. Dat bedriuw is yn meardere regio's yn Nederlân aktyf. It nimt de sjauffeurs oer, dy't no ride foar de Dokterswacht. En mooglike nije meiwurkers sille ek hjir yn de regio socht wurde.
"Hevig teleurgesteld"
Direkteur Rudy Verwoerd fan Kijlstra is 'hevig teleurgesteld' dat Dokterswacht Friesland it ferfier oan it Witte Kruis gund hat. Neffens Verwoerd rint der noch in koart pleit oer de oanbesteging en is de Dokterswacht te hastich mei it no al bekend meitsjen dat it Witte Kruis it ferfier krijt.