Nije doarpskearn Garyp feestlik iepene

14 jul 2016 - 10:09

Garyp hat in nije doarpskearn. It nije doarpsplein wurdt tongersdei feestlik iepene. De ynwenners fan it doarp hawwe in skoft wachtsje moatten op de metamorfoaze. Yn 2009 waard úteinset mei de wurksumheden. Dizze wiene nedich fanwegen de oanlis fan de Sintrale As, dy't njonken it doarp oanlein waard. Troch de nije dyk rydt trochgeand ferkear net langer troch de kearn fan Garyp.

De Garipers binne tige bliid dat de doarpskearn lang om let klear is. Undernimmers hawwe lykwols te lijen ûnder de Sintrale As. Troch de nije dyk komt der minder ferkear troch it doarp en dus hawwe sy minder oanrin en minder ferkeap.

Trefwurden: 
Garyp doarpskearn
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)