Bletterman twadde yn Waalwyk

Turner Michel Bletterman fan It Hearrenfean hat sneon yn Waalwyk mei de manljusploech de turnynterlân wûn fan België. De ploech besteande út Bletterman, Bart Deurloo, Arjen Butter, Glenn Smink en Anthony van Assche kaam út op in totaal fan 249,900 punten. Bletterman, berne yn Ljouwert, helle op de yndividuele mearkamp 83,150 punten, wêrmei't er in dield twadde plak behelle.
Epke Zonderland kaam yn Waalwyk allinne yn aksje op de ûnderdielen brêge en rek. Zonderland skoarde op de brêge 14,550 punten. Oan it rek kaam er út op 15,100 punten.
De turnynterlân yn Waalwyk jildt as tarieding op it kommende EK foar manlju yn Montpellier.