Marco Postma ferlinget kontrakt by UNIS Flyers

14 jul 2016 - 09:47

Marco Postma hat syn kontrakt by de UNIS Flyers ferlinge. De 32-jierrige oanfaller út Ljouwert sil de kommende trije jier foar de Feanster iishockeyklup spylje. Postma is wiis mei de kontraktferlinging. "Ik ben nu 32 jaar en het is fijn om zekerheid te hebben voor de komende drie seizoenen.” Postma spile it ôfrûne seizoen 42 wedstriden foar de Flyers. Hy skoarde 28 doelpunten en soarge foar 64 assists.

Coach Mike Nason is ek bliid mei de kontraktferlinging: “Naast dat hij als speler belangrijk is voor de club draagt hij zijn ijshockeykennis ook over aan de jeugd en het RTC. In deze rol is hij van onschatbare waarde voor het opleiden van onze (regionale) talenten. Zijn 3-jarig contract zorgt ervoor dat hij dit de komende jaren kan blijven doen.”

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)