Drokte by EVT nei Skylge

28 apr 2012 - 16:08

By de fearboaten yn Harns wie it sneon in drokte fan belang. It is de earste dei fan de maaiefakânsje en al is it net moai waar, in soad minsken reizgje ôf nei Skylge. Dat is dizze dagen ekstra oantreklik om't je mei de EVT fan heal april oant heal maaie fergees oer kinne. Dêr wurdt dan ek manmachtich gebrûk fan makke. Alle oertochten fan de EVT sitte al dagen folboekt. De aksje fan de EVT lûkt ek minsken dy't oars net nei Skylge soene.

Dochs is it ek by Doeksen drok. Dat Doeksen mei in snelboat fart, is foar guon in grut foardiel.

Trefwurden: 
Skylge EVT Doeksen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)