Kollum: "Toreador: de bolle strikes back"

Ferdinand de Jong wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan UNIS Flyers. Ek presintearret er geregeld Flyers TV. Foar it hûs-oan-hûsblêd Corner fan SC Hearrenfean skriuwt er kollums en sjoernalistike artikels. Ferdinand is te folgjen op Twitter.
"Elts folk hat syn eigenaardichheden. Yn kombinaasje mei bisten wol dat tsjintwurdich noch wolris wat argewaasje opsmite. Dan wurde minsken soms ongeleide projektilen. In wike as wat lyn hie ik it op dit plak oer it oerskot oan predatoaren yn Fryslân en dat der eins wat oan dien wurde moat. Der wie ien reagearder dy’t it foar de foks opnaam, de rest wie lokkich wol by sûpe en stút. Ingelsen, en dan foaral de Ingelske adel, mochten en meie graach yn groepsferbân op foksen jeie. Stikem hoopje je dan dat de foks ûntkomme sil, mar dat leit oan de wize wêrop’t dy jeierij plakfynt. It om meardere eare en gloarje fan josels en foaral om sjoen te wurden foar de foarm in foks bejeie. Wy ha hjir de Partij voor de Dieren, mar ik wik jim dat de bistelobby yn Ingelân IS-eftige militante foarmen hat, dan binne it hjir mar leave poppen, dy saneamde aktivisten. Under swiere druk fan de anty alles dat wat mei bisten en dea te krijen hat beweging yn Ingelân, is sûnt 2004 de tradisjonele slipjacht ferbean yn Brexit. Mar rûnten fan echte wrâldfrjemde wolstelde boppe alle wetten ferheven aadlike famyljes of oar smoarryk folk wurdt it noch wol ris dien. Dit neame se dan in tige wichtich sosjaal barren. Yn Nederlân dogge se it ek wol, mar dan mei rook fan in nepfoks, dy’t troch in persoan troch it fjild lutsen wurdt.
As je troch Dútslân ride en even fan de autobahn it plattelân in toere, sjogge je wol dat dy Dútsers echt alle út de loft paffe, want it hiele lân stiet fol mei jagershutten op peallen. As je wat dogge, moat it ek gründlich barre, lit dat mar oan ús easterbuorlju oer.
De Frânsen binne al sa’n aardich folk, dy makken der altyd in sport fan om ús mei neisoarch grut wurden ljippen del te sjitten, om dy as snackje by de tv op te haffeljen. Eins gunne je dy naarlingen dan ek wol dat de foksen hjir de ljippestân minimalisearje, dan ha dy Frânsen yn elts gefal net mear it genot fan in Fryske ljip as flaubyt.
Yn boppesteande foarbylden kinne je yn elts gefal noch wat funksjoneels fine. De foksen opromje, it sjitten fan iten. Wat je der ek fan fine, it hat earne in doelstelling.
Wat neffens my totaal hielendal gjin doel hat is it moedwillich lije litten fan bisten. As boeresoan wolle je net dat je bisten pine ha. Dat se nei de slachter gean is prima, mar ek dêr binne regels foar om se sa humaan mooglik ôf te meitsjen. Lêstendeis moasten wy hjir ôfskied nimme fan ien fan myn geiten. It bist hie pine en koe net wer better. Wy ha daliks besletten dat de feedokter him út syn lijen ferlosse moast, sels al wie it op in feestdei en dus dûbel taryf. Dat mei neat útmeitsje.
Ik gun elts folk syn kultuer. Mar hiel earlik sein moast ik even gnyskje om it feit dat earne yn in Spaanske arena in bolle de saak omdraaide. De grutte held, de stoere man dy’t him wol even befjochtsje soe, him om it moaie bloedeffekt mei spearen yn syn bealch nutteleas lije litte woe en úteinlik mei grut gefoel foar drama it bist nei in lange pynlike deastriid ûnder applaus deameitsje soe om de safolste ‘oerwinning’ as glorieus bollefjochter by te skriuwen. De bolle tocht der oars oer en de toreador wie de klos. Dea. Dat binne saken dêr’t Europa him drok om meitsje moat. Net om de lingte en breedte fan skûtsjes. Nutteleas bisteleed yn arena’s is net mear fan dizze tiid. Sjit dan mar leaver in soadsje foksen dea. Dat is natuerbehear en gjin efterhelle folksfermaak."