Ljouwerter oplichte mei roggebrea

Roggebrea
In 38-jierrige Ljouwerter is woansdeitejûn berôve op de Centrale yn Ljouwert. It slachtoffer soe fia Markplaats in grut tal mobile telefoans keapje fan in ûnbekende man. De transaksje fûn plak yn de auto fan it slachtoffer, op it parkearterrein by de Centrale. By de transaksje die lykwols bliken dat de ferkeaper gjin telefoans, mar roggebrea yn de telefoandoaskes dien hie. Doe't it slachtoffer dit ûntduts, pakte de fertochte gau it jild ôf fan it slachtoffer en draafde nei syn eigen auto.
It slachtoffer sette de efterfolging yn en sloech it rút fan de auto fan de fertochte stikken. It slagge de fertochte úteinlik mei it jild yn syn auto út te naaien. De plysje ûndersiket de saak en siket tsjûgen dy't de berôving sjoen hawwe of der mear fan witte.