Eaststellingwerf sit mei Caparis yn de mage

13 jul 2016 - 22:41

In mearderheid fan de ried fan Eaststellingwerf fynt it dreech de ried fan kommissarissen fan sosjale wurkfoarsjenner Caparis te hanthavenjen. De gemeenteried prate woansdeitejûn yn in ekstra gearkomste oer de rebûlje binnen de top fan Caparis.

De opposysje fynt dat de ried fan kommissarissen opstappe moat. Der is tefolle bard en it fertrouwen is skeind, fine de partijen. Koälysjepartij Eaststellingwerfs Belang wol safier no noch net gean mar twifelet al bot oan de rol fan de rfk.

Wantrouwen

Wethâlder Hans Welle seit grutte soargen te hawwen oer it folsleine proses. Neffens him moat der gau wat barre oan it wantrouwen dat ûnderling hearsket. Welle wie bot ûnder de yndruk fan de oprop fan in ynsprekker. Dy liet de riedsleden witte dat in soad meiwurkers yn grutte ûnwissichheid sitte en rôp elkenien op no gau op te hâlden mei rûzje te meitsjen.

De oandielhâlders fan Caparis (de wethâlders fan de acht gemeenten) komme tongersdeitejûn by mekoar. Se sille dan oerlizze oer de no ûntstiene sitewaasje.

Trefwurden: 
Caparis Eaststellingwerf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)