Jonge thús mishannele

28 apr 2012 - 15:50

Twa ynwenners fan Frjentsjer fan 32 en 40 jier binne freedtenacht oppakt foar mishanneling en bedriging. Dat wie yn in wenning oan it Karveel. In 15-jierrige jonge út Frjentsjer dy't mei de fertochten yn ien hûs wennet, waard wekker fan leven en gie nei ûnderen.

Yn de wenkeamer ûntstie rûzje. De fertochten sloegen de jonge en bedrigen him mei in mes. Hy belle de plysje. Dy koe de twa manlju oanhâlde.

Trefwurden: 
mishanneling Frjentsjer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)