Noch trije lintsjes útdield

28 apr 2012 - 15:41

In dei nei de tradisjonele lintsjesrein wurde noch inkele minsken yn it sintsje set. Sa krige yn Dantumadiel Hylke Kloosterman in lintsje. Yn Ferwerderadiel wiene it de hearen J. Terpstra en D. Lasschuit dy't in ûnderskieding krigen. De trije krigen it lintsje foar har wurk by de mûne De Zwaluw yn Burdaard.

It is dit jier 25 jier lyn dat de mûne opnij opboud is. Alle trije manlju hawwe hast fan it begjin ôf belutsen west by de mûne. De ien as mûner, de oare as technikus.

De manlju krigen de ûnderskieding by de offisjele resepsje fan it 25-jierrich bestean fan de mûne sneontemoarn.

Trefwurden: 
mûne Burdaard lintsjes
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)