Boargemaster hâldt Kruisweg ekstra yn de gaten

13 jul 2016 - 20:22

Boargemaster Henk Kosmeijer fan de gemeente Mearum yn Grinslân wol útgeanssintrum De Kruisweg ekstra skerp yn de gaten hâlde. Dat skriuwt er yn in brief oan de gemeenteried. Dat meldt RTV Noord.

Lêsten waarden trije famkes út Easterwâlde en ien famke út Appelskea net goed op in feest. Nei oanlieding fan it net goed wurden fan in tal besikers is neffens de boargemaster 'een probleem' nei foaren kommen. Hy soe doele op it brûken fan middels as drank en drugs, ek troch minderjierrige bern.

Dat probleem wol er mei plysje, GGD en De Kruisweg oanpakke. It bloedûndersyk dat by de famkes ôfnommen waard, is noch net hielendal klear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)