Steatsboskbehear jout kursus oer fûgeltrek

13 jul 2016 - 19:45

Fûgelleafhawwers kinne op kursus yn it Nasjonaal Park Lauwersmar. Steatsboskbehear organisearret mei IVN yn augustus in koarte kursus oer de fûgeltrek. Yn dy moanne is de fûgeltrek yn folle gong, in soad fûgels gean dan nei it suden om dêr te oerwinterjen. De kursus bestiet út in teoryjûn en twa moarnsskoften praktykles. Dan sil socht wurde nei trekfûgels yn it Lauwersmargebiet.

(Advertinsje)
(Advertinsje)