Buorlju Teatertún Riis krije gelyk fan rjochter

13 jul 2016 - 18:44

De buorlju fan de Teatertún yn Riis hawwe fan de rjochter gelyk krigen yn harren klachten oer de aktiviteiten yn de teatertún. De buorlju wolle dat de gemeente De Fryske Marren der better op tasjocht dat der gjin brulloften en oare feesten hâlden wurde.

Neffens it bestimmingsplan hat de teatertún in maatskiplik funksje, dêr't lytsskalige konserten, útfierings en eksposysjes hâlden wurde meie. De buorljou kleie al tsien jier oer lûdsoerlêst by yllegale feesten.

De rjochter seit no dat de gemeente ien of mear tafersjochhâlders oanstelle moat, dêr't buertbewenners harren melde kinne sadree't se hinder ûnderfine. Dy tafersjochhâlder moat dan dy klacht fuortendaliks kontrolearje en maatregels nimme as dat noadich is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)