Net folle bern dogge mei oan skoalfytskampioenskip

13 jul 2016 - 18:08

Sa'n tsien Ljouwerter skoalbern diene woansdei mei oan in skoalfytskampioenskip. Op de baan by hurdfytsferiening De Friesche Leeuw koene se har keunsten sjen litte yn in tiidrit, in ploege-tiidrit en yn slowbiking. Dat is sa stadich mooglik fytse om sa te learen hoe't je sa stabyl mooglik op de fyts sitte kinne.

It skoalfytskampioenskip waard organisearre troch De Friesche Leeuw, de Fietsersbond Fryslân en Friesland Beweegt. De opkomst foel de organisaasje wol ôf, op eardere clinics kamen wol in hiel soad bern ôf.

Ferskil is wol dat dit kampioenskip net fia de skoallen organisearre waard en de clinics wol.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)