Trije manlju mishannelje frou

28 apr 2012 - 15:23

Twa ynwenners fan de Grinzer Pein binne freedtenacht yn Boelensloane oanhâlden op fertinking fan iepenlike geweldpleging. Mei noch in oare man mishannelen se in 42-jierrige frou fan De Pein dy't op besite wie by kunde. Dêrneist fernielden de manlju in rút fan in wenning. Dêrnei naaide it trijetal út.

Twa fan de fertochten koene oanhâlden wurde yn in hûs yn De Pein. De tredde fertochte, in 19-jierrige ynwenner fan De Pein, koe ûntkomme. Syn identiteit is by de plysje bekend. De oarsaak fan de rûzje leit yn de relasjonele sfear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)