Dirk van der Meer nije ferfanger fan Piet Paulusma by Omrop

Dirk van der Meer fan Snits wurdt de fêste ferfanger op de radio fan waarman Piet Paulusma as dy mei fakânsje is. De 59-jierrige Van der Meer hat jierrenlang ûnderfining opdien as waarman by de lokale omrop fan Súdwest-Fryslân en is ek al jierren ien fan de fêste meiwurkers fan Piet.
Sûnt 2003 is de waaramateur dwaande mei it waar en folget er spesjaal it waar fan Snits en omkriten lykas de Snitser Mar. Syn favorite waartype is tornado. Takom jier sil er mei syn soan nei Colorado yn de Feriene Steaten om dêr op tornado's te jeien.
In 'slogan' lykas Piet Paulusma mei syn 'Oant moarn' hat Van der Meer net. "By Radio Markant sei ik altyd: het weer met Van der Meer, mar soks kin ik fansels net by Omrop Fryslân sizze."