Offaloven yn Harns is nei steuring op tal fan punten oanpast

De REC yn Harns is neffens de provinsje nei de grutte steuring fan oktober ferline jier al op in soad punten oanpast. Der binne technyske maatregels nommen, prosedueres oanpast en ûndersiken begûn. Dizze maatregels moatte derfoar soargje dat de kâns op steurings en it gefolch fan eventuele steurings lytser wurde.
As earste is in alaarm ynboud dat de útstjit fan aktive koal yn de gaten hâldt. De aktive koal is noadich om de dioksines út de reek te filterjen. Ek de stofmjitting is útwreide, der kin no boppe it wetlik maksimum metten wurde.
It ûndersyk nei in draachflak foar it ferheegjen fan de skoarstien rint noch.
Dioksines
Oant de ein fan dit jier wurde de dioksines hieltyd yn de gaten hâlden. Meikoarten beslute Deputearre Steaten en it kolleezje fan Harns oft se dêr noch langer mei trochgean wolle. It skjinmeitsjen fan de ynstallaasje moast ek better. Dêrfoar komme ekstra mangatten sadat men stof fuorthelje kin op plakken dêr't se earst net by komme koene. Dat stof wurdt dan net mear fia de piip fuortblaasd. Ek is de opstartlieding bûten gebrûk steld en dêrmei is de kâns op in ferhege stofemisje by it opstarten folle lytser wurden.
Kommunikaasje
De provinsje, gemeente en Omrin wurkje gear op it punt fan de kommunikaasje as der in steuring of ynsidint is. Ut de analyze fan de steuring fan 1 en 2 oktober 2015 die bliken dat dat wol in stik better koe. Dêrom is it protokol oanpast. Omrin wurket oan in digitaal warskôgingssysteem dêr't elk him op abonnearje kin.
Tafersjoch
Ut alle ûndersiken docht bliken dat de REC neffens de fergunning wurket. Undersyk fan de Inspectie voor Leefomgeving en Transport lit sjen dat de REC foldocht oan de noarm en dat it tafersjocht op de REC foldwaande is. De oerlisgroep is dwaande mei maatregels dy't foaral de rêst yn de omjouwing werombringe moat. De oerlisgroep bestiet út fertsjintwurdigers fan de gemeente Harns, FUMO, de begiedingsgroep, Omrin en de provinsje Fryslân. De foarsitter wurdt levere troch GGD Fryslân.
Iepen dei
Yn oktober komt der wer in iepen dei by de REC, Omrin giet dan yn petear mei besikers om saken út te lizzen en ta te ljochtsjen.