Fiskers moatte stopgrid brûke om otter út fûken te hâlden

13 jul 2016 - 16:31

De provinsje sil better kontrolearje oft fiskers wol maatregels nimme om foar te kommen dat otters yn har fûken bedarje. Om foar te kommen dat otters yn in fûke swimme en dêr ferdrinke, moatte fiskers in 'stopgrid' brûke. Dat soarte fan raster makket dat fisk nei binnen swimme kin, mar otters net.

Oanlieding foar de ekstra kontrôle is de fynst koartlyn fan in deade otter yn in fûke. Yn de fergunnings dy't fiskers fan de provinsje krije, stiet ek dat se in stopgrid brûke moatte.

Trefwurden: 
fisker otter stopgrid
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)