Auto skansearre by ferkearsrûzje Griene Stjer

13 jul 2016 - 16:26

In 30-jierrige Ljouwerter hat tiisdei by de plysje melden dat hy oanriden wie yn De Griene Stjer by Ljouwert. Syn auto rekke dêrby skansearre. Neier ûndersyk makke dúdlik dat it om in ferkearsrûzje gie mei in man fan 62 út de gemeente Menameradiel, dy't sûnder rydbewiis ried. Tsjin him is proses-ferbaal opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)