Sân wurkleazen binne no sportyf rekreaasjelieder

Sân langduerich wurkleazen ha in diploma foar sportyf rekreasjelieder ûntfongen fan de Ljouwerter wethâlder Andries Ekhart. Yn in kursus hat de groep leart hoe't se op in ferantwurde en stimulearjende wize lieding jaan kinne oan rekreative sporters fan alle leeftiden. De gemeente Ljouwert en Ljouwerteradiel hawwe de kursus betelle.
It doel is om de rekreaasjelieders út namme fan BV Sport yn de wiken en doarpen yn te setten by lytse sport- en spulaktiviteiten.
Yn totaal binne der fjirtjin wurkleazen fan start gien mei de kursus. Sân krije no it diploma, twa ha yn de tuskentiid oar wurk fûn, twa sitte mei blessueres en trije moatte op 'e nij eksamen dwaan.