Achlum hat Jezus, Maria en Johannesklok werom

13 jul 2016 - 14:10

De Jezus, Maria en Johannesklok út 1380 is nei jierren fan omdoarmjen werom nei de tsjerke fan Achlum. Museum Martena hat de klok woansdei weromjûn oan de Gertrudistsjerke. It lytse klokje is yn de Twadde Wrâldoarloch út de toer helle om foar te kommen dat de Dútsers dizze foarderje soene. Dêrnei wie er ûnder oare yn it Frysk Skipfeartmuseum en it museum yn Frjentsjer te sjen.

It tsjerkebestjoer naam in pear wiken lyn kontakt op mei it museum om de klok te besjen, wêrnei't al gau it idee ûntstie de klok werom te bringen nei de tsjerke.

Trefwurden: 
klok Achlum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)