Frjentsjerters skoppe Harnzer

28 apr 2012 - 14:27

Twa ynwenners fan Frjentsjer binne freedtejûn oanhâlden foar besykjen ta deaslach. De fertochten fan 27 en 30 jier sloegen sûnder oanlieding in 32-jierrige ynwenner fan Harns yninoar. It slachtoffer is troch beide fertochten skopt en slein en kaam dêrnei te fallen. Doe't er op strjitte lei is er troch ien fan de fertochten noch foar de holle skopt.

Beide manlju binne op oanwizing fan tsjûgen oanhâlden. Se binne foar ûndersyk ynsletten. It slachtoffer is troch in dokter neisjoen en hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
Harns Frjentsjer deaslach
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)