Provinsje stapt yn Kabelnoord om glêsfezel oan te lizzen

Kabelnoord sil yn it bûtengebiet fan alle gemeenten yn Fryslân glêsfezel oanlizze. It giet om de gebieten dêr't gjin goeie ynternetferbining is. Dat hat de provinsje fan 'e moarn bekend makke. It giet om in ynvestearring fan 70 miljoen euro. Om de oanlis finansjeel mooglik te meitsjen, keapet de provinsje oandielen yn Kabelnoord. De ôfrûne moannen socht de provinsje nei in oplossing foar de oanlis fan glêsfezel, dat troch de provinsje sjoen wurdt as in basisfoarsjenning.
Kabelnoord hat yn Noardeast-Fryslân al 16.000 húshâldens oansletten op glêsfezel. De belutsen gemeenten binne Hearrenfean, Smellingerlân, Ljouwert, Súdwest-Fryslân, Eaststellingwerf, Opsterlân, Weststellingwerf, Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel. Oare gemeenten kinne harren by it inisjatyf oanslute. Mooglik keapje gemeenten ek oandielen yn Kabelnoord.
De takomst
It giet aanst om sa'n 25.000 húshâldens dy't oansluten wurde. Om de oanlis finansjeel mooglik te meitsjen, wurdt de provinsje oandielhâlder fan Kabelnoord. Der wurdt sa'n 70 miljoen ynvestearre en dêrfoar krijt de provinsje 40% fan de oandielen. Deputearre Sietske Poepjes hopet dat de helte fan dy oandielen wer trochferkocht wurde kinne oan de belutsen gemeenten. Kabelnoord sil fuortendaliks úteinsette mei de oanbestegingsproseduere, sadat it wurk begjin takom jier los kin. It is de bedoeling dat de oanlis fan de 25.000 oanslutings oan de ein fan 2019 klear is. Neffens Poepjes is dan sa'n 60 oant 70 persint fan Fryslân oansluten op goed ynternet.
Ynwenners fan it bûtengebiet dy't glêstried krije, betelje aanst 15 euro yn 'e moanne ekstra foar de oanliskosten. Dy kosten komme boppe op it jild dat betelle wurdt foar de provider.