Bussjauffeur mishannele

Plysjemotor © Omrop Fryslân
De plysje hat freedtejûn yn Wolvegea in 17-jierrige Hearrenfeanster en in 18-jierrige ynwenner fan Oldemarkt yn Oerisel oanhâlden foar mishanneling fan in bussjauffeur. De manlju hiene de sjauffeur frege om in oerstap foar har te regeljen. De sjauffeur die dat, mar troch noch ûnbekende reden mislearre it dochs.
De manlju waarden dêrop lulk en sloegen de sjauffeur yn syn gesicht. Ek waard it slachtoffer yn it gesicht spuid. De 58-jierrige bussjauffeur hat oanjefte dien.