Thijsje Oenema fielt har better, mar noch net wer op it iis

12 jul 2016 - 23:18

Reedrydster Thijsje Oenema fan De Jouwer fielt har stadichoan hieltyd better, mar sil foarearst noch net wer op it iis te sjen wêze. Dat fertelde de 28-jierrige reedrydster tiisdeitejûn yn de talkshow RTL Latenight. Yn 2013 waard Oenema troffen troch hûdkanker op har pols.

Ein novimber 2015 waard Oenema opnij troffen troch min nijs. Se hie doe in útsiedding fan it melanoom. "Ik heb een heftige periode gehad, maar ik krabbel langzaamaan op. Langzaam ben ik fitter aan het worden. Medisch gezien gaat het nu heel goed."

Thijsje ropt minsken op om foarsichtich te wêzen yn de sinne en harren goed yn te smarren. Ek warskôget se minsken om wach te wêzen op melanomen en dêrom harren hûd goed nei te sjen op rare plakjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)