Gearwurking tusken soarch en wenningbou yn Ljouwert

Fjirtjin soarchynstellingen en wenningboukorporaasjes yn de gemeente Ljouwert hawwe in unike soarchgearwurking opset foar âlderein, minderfalide en oare kwetsbere groepen. Troch de desintralisaasje fan de soarch leit de ferantwurdlikheid fan dy soarch no by de gemeente.
Ljouwerter ynstânsjes hawwe dêrom mei it projekt Wonen met Zorg ôfstimd hoe't se de soarch en wenromte foar dizze groepen it bêste regelje kinne. Doel is dat minsken salang mooglik feilich op harsels wenjen bliuwe kinne.