5000 banen ferwachte yn wettertechnology

12 jul 2016 - 23:00

Fryske wettertechnologybedriuwen ferwachtsje de kommende jierren in grut oantal fakatueres yn harren brânzje. Op lanlik nivo giet it om sa'n 5000 banen. Dat blykt út ûndersyk yn opdracht fan Wetterkampus Fryslân.

Foar it iene part giet it om fakatueres dy't ûntstean troch fergrizing. Foar it oare part binne it banen dy't ûntstean troch nije ûntwikkelingen en ynnovaasjes binnen de wettertechnology.

Neffens Marcel van der Horst, direkteur fan it Centrum voor Innovatief Vakmanschap Water, giet it om fakatueres by wetterbedriuwen, wetterskippen en ûndersyksbedriuwen. It ûndersyk moat meihelpe oan hoe't de kommende jierren it ûnderwiis yn de brânzje ynrjochte wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)