Weduwe Joustra krijt tsientallen reaksjes foar oername

12 jul 2016 - 22:37

It Snitser bearenburchbedriuw Weduwe Joustra hat tiisdei tsientallen serieuze reaksjes krigen fan potinsjele oernamekandidaten. Direkteur Heleen Sonnenberg wol yn dit stadium noch gjin nammen neame, mar fertelt dat it kandidaten út it hiele lân binne dy't mei finansierings- en crowdfundingsplannen komme.

Fierder hat it bedriuw ek tûzenen reaksjes krigen fan minsken dy't Weduwe Joustra in hert ûnder de riem stekke wolle.

"Ik heb nog geen tijd gehad om alle mensen persoonlijk te bedanken, maar het doet ons in ieder geval erg goed dat zoveel mensen zich verbonden voelen aan Weduwe Joustra", sa seit Sonnenberg. It bedriuw sil de kommende dagen mei de kurator en oare partijen om tafel om te sjen wat de mooglikheden binne foar it bedriuw.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)