COA wol draachflak foar azc yn Balk fergrutsje

12 jul 2016 - 21:55

It COA sil er de kommende tiid alles oan dwaan om it draachflak yn Balk foar it azc te fergrutsjen. Dat sei de nije lokaasjemanager Gerrit de Lang tiisdeitejûn op in ynrinbyienkomst yn it doarp.

Neffens De Lang is benammen de kommunikaasje mei it doarp wichtich. Hy wol dêrom wurkje oan koarte linen. Sa hopet er dat as er wat mis is, it gau oplost wurde kin. It azc yn Balk giet heal augustus iepen en op dit stuit wurdt de lêste hân lein oan de bou.

Op de ynrinbyienkomst koene doarpsbewenners fragen stelle oer hoe't it der daliks om en ta giet op it azc. Ek koenen se harren opjaan as frijwilliger. Sa'n fyftjin minsken hawwe dat oant no ta dien.

Heal augustus komme de earste flechtelingen yn it ûnderkommen oan de Wikelerdyk. De gebouwen dêr't 500 minsken in plakje krije kinne, binne hast klear. 

Trefwurden: 
COA Balk AZC
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)