Heeringa nimt funksje oer fan wethâlder Dijkstra fan Skier
Waarnimmend gemeentesekretaris Ger Heeringa fan Skiermûntseach sil wethâlder Jan Dijkstra opfolgje. Dijkstra, dy't foar DS'10 (Democraten Schiermonnikoog) yn it kolleezje sit, stapt per 1 septimber op. Hy sit oer guon saken net op deselde line as de rest fan it kolleezje.
Heeringa sil it wurk op 1 septimber oernimme en fiert oant dy tiid noch syn wurksumheden as gemeentesekretaris út.