SC Hearrenfean komt mei app foar wedstriidbesikers

12 jul 2016 - 18:28

Besikers fan it Abe Lenstrastadion kinne fan takom seizoen ôf in unike digitale ûnderfining krije. Mei in spesjale app op har telefoan en fergese WiFi kinne se bygelyks foarbeskôgingen op de wedstriden fan Sportklup Hearrenfean en ynterviews sjen. Se kinne mei de app ek betelje yn it stadion.

Foarearst kinne allinne minsken dy't nei de wedstriden gean de app brûke. SC Hearrenfean lansearret it projekt yn gearwurking mei it bedriuw Stadium Connected.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean app fuotbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)