Lânboumuseum ferhuzet fan Earnewâld nei Ljouwert

12 jul 2016 - 17:03

It Frysk Lânboumuseum ferhuzet fan Earnewâld nei Ljouwert. It museum komt yn de W.C. de Groot-pleats oan de Oeriselsewei ûnder Ljouwert. De monumintale pleats út 1909 stiet op it stuit leech en moat flink ferboud wurde foardat it museum der yn kin. De kosten fan oankeap en ferbou wurde rûsd op sa'n 1,5 miljoen euro.

Neffens direkteur Henk Dijkstra fan it museum lei in ferhuzing nei Ljouwert foar de hân om sa oan te sluten by de Dairy Campus en Kulturele Haadstêd 2018. De ferhuzing moat dan ek yn maaie 2018 efter de rêch wêze.

It Lânboumuseum hopet yn Ljouwert mear minsken berikke te kinnen, troch ek mear oan aktiviteiten bûten it museum diel te nimmen. De ferhuzing en ferbou wurdt diels betelle troch de provinsje Fryslân en de gemeente Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)