PvdA Achtkarspelen is poerrazend op FNP

12 jul 2016 - 16:11

De PvdA-fraksje yn Achtkarspelen fielt har "yn 'e sek naaid" troch koälysjepartner FNP. De reden foar it opstappen fan de fraksje út de koälysje is dat de FNP efter de rêch fan de PvdA om in moasje yntsjinne hat oer de ferdieling fan jild. De ynhâld fan dy moasje is mei alle partijen oerlein, mar net mei de koälysjegenoat.

De FNP naam it inisjatyf ta in moasje om 510.000 euro yn it jier út it oerskot fan it sosjale domein te heljen en te brûken foar oare doelen, sa as de grienfoarsjenning en pjutteboartersplakken.

"Geschonden vertrouwen"

"Over inhoud kunnen we discussiëren, over geschonden vertrouwen en gekrenkte waardigheid niet", sa skriuwt de PvdA yn har ferklearring. Fraksjefoarsitter Theun Nicolai fan de PvdA snapt hielendal neat fan de aksje fan de FNP. Neffens him wie de ferhâlding altyd goed yn de koälysje.

Gemeentebelangen fynt dat de PvdA genôch tiid hân hat om nei te tinken oer de ynhâld fan de moasje. Se hawwe in wike de tiid krigen der nei te sjen seit fraksjefoarsitter Rinus Buising fan GBA. 

Nij kolleezje fan b. en w.

Neffens boargemaster Gerben Gerbrandy is it tige ferfelend dat de koälysje barsten is. Foaral sa flak foar it reses dat al yngien is. De boargemaster fynt dat der wat barre moat en stelt syn fakânsje dêrom út. Hy wol dat der sa gau as mooglik in folslein nij b. en w. komt.

Oerdreaun

De FNP fan Achtkarspelen fynt it oerdreaun dat de PvdA út de koälysje stapt. FNP'er Sake van der Meer kin de reaksje fan de partij net begripe. "It giet krekt sa as dat mei oare moasjes giet. Je benaderje de partijen wêrfan je tinke dat je stipe krije. Dat is it spul wat op dat momint spile wurdt."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)