Krisisneedopfang yn Oerterp mei sukses ferrûn

12 jul 2016 - 15:32

De krisisneedopfang ein ferline jier yn sporthal De Wier yn Oerterp wie in grut sukses. Dat docht bliken út de evaluaasje dy't der oer makke is. De opfang fan in groep fan 120 flechtlingen ferrûn soepel, troch de ynset fan meiwurkers fan de gemeente en in hiel soad frijwilligers. En it draachflak yn Oerterp sels wie ek grut.

It kontakt mei it COA en de IND wie net goed, stiet yn de evaluaasje. Dy joegen net genôch stipe en ynformaasje, wat soarge foar frustraasje by de organisaasje fan de krisisopfang en by de flechtlingen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)