Thialf organisearret de kommende jierren WK iisspeedway

12 jul 2016 - 14:26

De organisaasje fan it WK iisspeedway yn Thialf is tige bliid mei it nije ûnderkommen. Op it iis fan Thialf sil takom jier yn it lêste wykein fan it winterseizoen foar it earst it WK iisspeedway hâlden wurde. Theo Ferdegem fan Motorclub Assen en Omstreken priizget him mei it nije plak. Al 45 jier lang waard it iisspeedway evenemint op de iisbaan fan Assen organisearre. No't hjir miskien in nije baan komt, socht de organisaasje in oar plak.

Ek Eelco Derks, direkteur fan Thialf, is wiis mei de nije gebrûker. It iis wurdt op in spesjale wize preparearre wêrtroch't de motoaren gjin skea oanbringe sille oan de betonflier. Derks seit ta dat it iis yn de winter wer foldocht oan de kwaliteit dy't reedriders ferwachtsje meie.

Heal augustus wurdt de akkommodaasje kontrolearre troch de European Motorcycling Union. Kommend foarjier sille de earste wedstriden wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)