Oranje-19 wint op it EK fan Kroäsië

Michel Vlap © Patrick Vlap
It Nederlânsk fuotbalalvetal ûnder de 19 jier hat de earste wedstriid op it EK yn Dútslân mei 3-1 wûn. Snitser Michel Vlap kaam tsjin Kroäsië ûnder 19 jier nei in kertier yn de twadde helte yn it fjild as ynfaller. Doe spile Oranje al mei tsien man troch in reade kaart foar ferdigener Deyovaisio Zeefuik.
Jong Oranje spilet freed tsjin Ingelân en kommende moandei tsjin Frankryk.