Pokémon-app ek yn Fryslân tige populêr

12 jul 2016 - 13:21

It is in grutte hype oan it wurden, ek yn ús provinsje: de Pokémon Go-app. De Japanske tekenfigueren binne wer hielendal 'trending' troch in app fan spultsjesmakker Nintendo. Der binne problemen troch de lansearring fan de app; minsken soenen as gekken oer strjitte rinne mei de mobyl foar de noas. Mar, it is wol in megahype oan it wurden, ek yn Fryslân. It doel fan de app is om bistjes út de populêre tv-searje digitaal mei in smartphone te fangen. De Pokémon kinne allinne sjoen wurde mei in mobyltsje en der binne 150 ferskillende figueren.

Dynamysk spultsje

By it spultsje wurdt de kamera fan dyn smartphone ynskeakele om in Pokémon fange te kinnen. Mei de kamera rinst yn dyn eigen omjouwing rûn wêrnei't op ferskate plakken Pokémon ferskine dy't je fange moatte en traine. Nachts komme der oare Pokemon tefoarskyn as oerdeis, by it wetter binne oare figueren te fangen as yn 'e stêd. It makket it dynamyske spultsje benammen by tweintigers populêr om't sy it spultsje noch kinne fan de telefyzjesearje dy't ein jierren '90 op tv wie en de saneamde Pokémonkaarten fan eartiids.

Risiko's

Der sitte lykwols ek wat gefaren oan de app. De plysje wurdt geregeld belle dat minsken as gekken oer strjitte rinne mei de mobyl foar de noas. Ek komme se op plakken dêr't se net komme meie, sa as it treinspoar of de kelder fan it Amsterdam Medysk Sintrum.

"Ast de app opstartst, krigest wol in melding datst op dyn omjouwing lette moast. Mar minsken lette faaks mear op de telefoan dan op wat er om harren hinne bart. Se moatte gewoan harren sûne ferstân brûke en betinke wat wol en net kin", sa seit Lars Hoekstra fan de online redaksje fan Omrop Fryslân. Hy spilet it spultsje sels ek.

Nintendo kriget troch de app ek tagong ta it hiele Google-account fan de spiler. "Om de app te ynstallearjen moast der tastimming foar jaan. De ûntwikkeler seit dat er neat mei de gegevens dien wurdt, mar se hiene dit wol wat handiger oanpakke kinnen. By de takommende update wurdt dizze tagong der úthelle."

Trefwurden: 
Pokémon-app
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)