Festivalterrein WTTV foar in part ferpleatst

It festival Welcome to the Village by de Griene Stjer yn Ljouwert hat dit jier in oare plattegrûn. Ferline wike waard in stik grûn ôfkard troch de gemeente, om't it stik troch de swiere reinbuien fan de ôfrûne wiken te wiet wurden is. De gemeente wol net dat it stik natuer ferlern giet, en dêrom moast it festival in nije plattegrûn betinke.
Neffens Koen Haringa fan de organisaasje is it goed slagge om in nije plattegrûn op te stellen. Yn totaal is it festival kwa fjouwerkante meter wol lytser, mar bliuwt it gefoel fan it festival bestean.
"Het wordt nu een beetje een slenterfestival, wat ik eigenlijk wel tof vind", aldus Haringa.