Chihuahua fermist yn bosk by Appelskea

Der wurdt al twa dagen socht nei in chihuahua yn de bosken by Appelskea, sa meldt RTV Drenthe. Miranda Lotgerink út it Oeriselske Saasveld foel yn it bosk fan har fyts en bruts dêrby har heup. Har hûn Noa draafde dêrnei it bosk yn en is noch net wer fûn. De famylje is al twa dagen oan it sykjen.
''Mijn moeder is geopereerd en mag nu weer naar huis, maar ze is heel erg verdrietig. Noa was erg belangrijk voor haar'', sa seit dochter Nicole Lotgerink. Se hawwe tiisdei de earste tip krigen: Noa soe snein noch sjoen wêze yn de buert fan Wateren.
De famylje hat plysje, diere-ambulânse, Steatsboskbehear en Facebook ynskeakele om it hûntsje te finen. Lotgerink: ''Ze is bruin met zwarte strepen en heeft een oranje riem en bruin halsbandje aan. Ik hoop dat mensen opletten of ze haar ook zien. We blijven hopen."