Mooglik ein sweeffleanklup It Amelân

12 jul 2016 - 10:47

Der driget in ein te kommen oan de aktiviteiten fan de Amelander Zweefvliegclub op it eilân. De gemeente It Amelân wol net yn petear mei de klup om te praten oer in oplossing foar de stielen kabels wêrmei't de sweeffleantugen omheech lutsen wurde. Dy kabels kinne foar gefaar soargje, mochten se nei it loskeppeljen op it nije sinnepark neist it fleanfjild falle. Dat soe neffens de klup foar koartsluting soargje kinne.

Fersekering

Dêrneist is de klup net fersekere foar skea, om't it sinnepark yn striid mei de Wet Luchtvaart pleatst is binnen de grinzen fan it fleanfjild. De klup wol dêrom in keuntstof kabel keapje, mar ferwachtet dan wol in finansjele bydrage fan de gemeente.

"Stuitend"

Dy wegeret dat. It slimste wat der neffens de gemeente gebeure kin, is dat in sinnepaniel skansearre rekket, mocht in kabel ferkeard telâne komme. De skeakelkasten binne neffens de gemeente sa goed befeilige dat dêrmei gjin ûngelokken gebeure kinne. Yn in eardere reaksje sei de Zweefvliegclub dat dit de ein fan de klup op It Amelân betsjut. De klup neamt de wize wêrop't de gemeente mei de klup omgiet ''stuitend'.'

Juridyske stappen

De Zweefvliegclub Ameland oerweget no om juridyske stappen te ûndernimmen tsjin de gemeente It Amelân. De klup wol sa dúdlikheid krije oer wa't ferantwurdlik is foar mooglike skea oan it nije sinnepark neist it fleanfjild. 

De sweeffleanklup is sûnt 2008 aktyf op It Amelân, hat 25 leden en 4 sweeffleantugen en jout jierliks 50 kear in kursus oan toeristen. Neist op It Amelân fleant de klup ek op Terlet by Arnhem.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)