Klok út 1380 werom nei tsjerke Achlum

12 jul 2016 - 09:54

De Jezus, Maria en Johannesklok út 1380 komt nei jierren fan omdoarmjen werom nei de tsjerke fan Achlum. Museum Martena jout de klok woansdei werom oan de Gertrudistsjerke. It lytse klokje is yn de Twadde Wrâldoarloch út de toer helle om foar te kommen dat de Dútsers dizze foarderje soene. Dêrnei wie er ûnder oare yn it Frysk Skipfeartmuseum en it museum yn Frjentsjer te sjen.

It tsjerkebestjoer naam in pear wiken lyn kontakt op mei it museum om de klok te besjen, wêrnei al gau it idee ûntstie de klok werom te bringen nei de tsjerke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)