Kollum: "Gatsjepanne"

Willem Schoorstra (1959) is skriuwer en komt fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan en is te folgjen op Facebook.
"Foarige wike stie Dirk Jan Dijkstra foar de rjochter. Dijkstra, foar dyjingen dy’t it net witte, is de religieus lieder fan de Tsjerke fan it Fleanende Spaghetti Meunster. In relatyf nije religieuze streaming, dy’t as tsjerke by de Keamer fan Keaphannel ynskreaun stiet. De leauwigen fan dy tsjerke kin men weromkenne oan in piratepak en de gatsjepanne dy’t se op de holle ha. En om dy gatsjepanne stie Dirk Jan foar de rjochter. Hy wol nammentlik dat se dy altyd op ha meie, dus ek op offisjele dokuminten, lykas in paspoart. Foar him is dat itselde as in moslima mei in holledoek of in Sikh mei in tulbân.
Yn it kranteferslach fan de sitting skriuwt de sjoernalist dat er it knap fan de rjochter fynt dat dy net gnysket, yn de ploai bliuwt. No is sa’n opmerking te billikjen, mar dy lit tagelyk ek sjen dat oan de essinsje fan it barren foarbygien wurdt. Want wat is it ferskil tusken it leauwen yn in Fleanend Spaghetti Meunster en, pak ’m beet, Allah, God of Shiva?
De Pastafari’s, sa’t de leauwigen hjitte, ha alles dat oare religy’s ek ha. Der is in evangeelje, mei in folsleine skeppingsmyte. Der is in Bibel, The Loose Canon, the Holy Book of the Church of the Flying Spaghetti Monster. En yn stee fan bygelyks de Tsien Geboaden ha se Acht Leaver Net’sjes. Foarbyld: ‘Ik ha leaver net datst minsken beoardielest op hoe’t se derút sjogge, hoe’t se prate of rinne, wês gewoan freonlik, okee?’ Of, noch ien: ‘Ik ha leaver net datst myn bestean brûkst om minsken te ûnderdrukken, te straffen, te feroardieljen, of, do silst it begripe, om dy as in minne hûn tsjin oaren te gedragen. Ik ha gjin offers nedich, en it begryp ‘suver’ is ornearre foar bronwetter, net foar minsken.’
De reaksjes op de nije tsjerke binne ynteressant. In kollumnist fan de EO docht dat op grappige wize. Hy hopet dat de Pastafari’s net yn twisten en skisma’s ferfalle sa’t it Kristendom dat dien hat, wêrby’t er it oer Bolognezen, Napolitanen en Carbonaren hat. Tagelyk is dyselde kollum in eksimplarysk foarbyld fan hoe’t ynstitúsjonalisearre religy wurket. Hy seit bygelyks dat de acht ‘Leaver Net’sjes’ ûnmiskenber kristlik ynspirearre binne.
Religy’s anneksearje moraal, ten goede en ten kweade. Dat stelt Frans de Waal, heechlearaar psychology en skriuwer fan ‘De Bonobo en de tien geboden: Moraal is ouder dan de mens’. Yn dat boek lit er mei prachtige en oertsjûgjende foarbylden sjen dat der by in protte bisten, mar minskapen yn it bysûnder, sprake is fan gedrach dat wy empaty neame, begrutsjen, soarchsumens en rjochtfeardigens. Dat soks yn it goddeleaze universum fan de bonobo en de sjimpansee bestiet as gefolch fan de evolúsje. De minsklike moraal is mei oare wurden âlder as de troch minsken oanbidden goaden.
Dat, mei dy wittenskip yn de achterholle, bin ik benijd watfoar útspraak de rjochter oer de gatsjepanne fan Dirk Jan Dijkstra docht. Jim ek?"