Fryske selshelpwebside lansearre

12 jul 2016 - 07:52

De Stichting AanZet lansearret tiisdei in nije webside dêr't sa'n 40 selshelpgroepen op sammele binne. Dit makket it foar minsken ienfâldiger om help te finen. It giet dan om praatgroepen foar bygelyks minsken dy't ien ferlern hawwe, mar ek foar minsken dy't heit of mem wurde of dy't psychyske problemen hawwe. Troch te oerlizzen mei minsken dy't itselde meimeitsje, kinne dielnimmers it faak better ferwurkje of krije se goede tips.

De sammelwebside is in inisjatyf fan de Stichting AanZet út Ljouwert. AanZet is in frijwilligersorganisaasje op it mêd fan de soarch. Se hawwe in soad projekten by de ein, wêrûnder sosjale kafees, maatjesprojekten of trainingen.

Trefwurden: 
stichting Aanzet selshelp
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)