Ferdigener Turcotte ferlinget kontrakt by UNIS Flyers

12 jul 2016 - 07:10
Bekerwinner UNIS Flyers - Foto: UNIS Flyers

IIshockeyklup UNIS Flyers hat it kontrakt fan Yan Turcotte ferlinge. De Kanadees spile ferline jier ek by de klup út It Hearrenfean en de 32-jierrige ferdigener bliuwt noch in jier langer by de Nederlânsk kampioen.

UNIS Flyers wûn ferline jier de beker en einige as twadde yn de BeNe-league efter de Belgyske ploech Herentals.

(Advertinsje)
(Advertinsje)