Ried Hearrenfean: Sa gau mooglik komplete rfk Caparis

12 jul 2016 - 06:46

Boargemaster en wethâlders fan de gemeente Hearrenfean moatte harren bêst dwaan om derfoar te soargjen dat de ried fan kommissarissen fan Caparis sa gau as mooglik kompleet is. Ut namme fan de ûndernimmingsried moat der in kandidaat yn komme. Dat fynt de folsleine gemeenteried fan Hearrenfean, útsein de VVD.

Yn de ried waard moandeitejûn debattearre oer de situaasje by de sosjale wurkfoarsjenning. De measte sprekkers wiene tige min te sprekken oer de rol fan de ried fan kommissarissen.

Koers foar de takomst

De wethâlders fan de mienskiplike regeling fan de acht gemeenten hoege net earder byelkoar te kommen as 1 septimber. PvdA-wethâlder Coby van der Laan fan Hearrenfean sei dat moandei tsjin de ried. De mienskiplike wethâlders hawwe in koers foar de takomst fan it bedriuw útset, mar lykje it der ûnderling net oer iens te wêzen.

Boppedat hat Hearrenfean mei Smellingerlân it fertrouwen opsein yn de ried fan kommissarissen fan Caparis. Ek dat jout spanning. En dus is it better efkes in skoft te hâlden neffens Van der Laan.

Rjochtsaak

Woansdei is de útspraak yn de rjochtsaak fan direkteur Klaas Weissenbach. De ried fan kommissarissen hat oankundige dat as hy de saak wint, se dan opstappe sille. Mar PvdA-wethâlder Jelle Zoetendal fan de gemeente Hearrenfean tinkt dat dat net sa rap barre sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)