Weduwe Joustra bot troffen troch problemen by Dirkzwager

It Snitser bearenburchbedriuw Weduwe Joustra is bot troffen troch de fallisemintsoanfraach fan oandielhâlder Dirkzwager. De berjochtjouwing hjiroer is hurd binnen kaam. "Dit is een zeer dramatische ontwikkeling. Dit komt keihard aan", seit direkteur Heleen Sonnenberg yn in ferklearring. Se is de seisde generaasje Joustra dy't oan it roer stiet fan it famyljebedriuw.
Wat in fallisemint fan it memmebedriuw betsjut foar Weduwe Joustra, is net dúdlik. De konsekwinsjes binne enoarm, seit Sonnenberg. Se is bot rekke, mar ek striidber.
"Doordrinken!"
Weduwe Joustra is in selsstannige BV binnen de Dirkzwager Groep en wurdt al 152 jier laat troch de famylje. Neffens Sonnenberg sil der alles oan dien wurde om de takomst fan it bedriuw feilich te stellen. Foarearst is it wachtsjen op it kontakt mei de kurator. Pas dan kinne der plannen makke wurde. "Wat ik op dit moment alleen maar kan doen is zorgen dat we met familie en onze eigen mensen rugrecht blijven. De Friese vlag hangt al weer aan de gevel. We willen laten zien dat we er nog gewoon zijn, dat Weduwe Joustra een gezond bedrijf is", seit Sonnenberg.
Se hat wol in advys foar alle minsken dy't helpe wolle: "Mensen vragen hoe ze kunnen helpen. We adviseren: Doordrinken!"
Oername
De bewâldfierder fan Dirkzwager seit tsjin it Finansjeel Deiblêd dat er yn petear is mei partijen dy't it Snitser bedriuw oernimme wolle. Der is gjin belangstelling foar in oername fan it folsleine Dirkzwager.
Neffens Hermsen wie de direksje fan it memmebedriuw al langer dwaande om bedriuwsûnderdielen te ferkeapjen. "De problemen bij Mitra hebben nu de gehele groep meegetrokken. Ook goed draaiende onderdelen van Dirkzwager zijn hiervan het slachtoffer', seit Hermsen yn it Finansjeel Deiblêd.