UNIS Group út Grou nimt Britsk bedriuw oer

11 jul 2016 - 19:02

De UNIS Group út Grou nimt it Britske bedriuw EDMR (European Drives & Motor Repairs Ltd) oer. Dat is in ynternasjonale service-organisaasje op it mêd fan reparaasje en ferkeap fan yndustriële elektroanika. UNIS is de spesjalist op dat gebiet.

Mei de oername krijt UNIS mear kennis en ekspertize yn 'e hûs en ek in flink merkoandiel yn ûnder oare Grut-Brittannië en Ierlân. It bedriuw út Grou hat ek fêstigingen yn oare Europeeske lannen en yn Brazilië en Sina.

Trefwurden: 
oername UNIS Group Grou
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)