Fryslân toetst nei simmer oft der 7000 flechtlingen komme

11 jul 2016 - 18:42

Fryslân bliuwt wurkjen oan nije opfang foar flechtlingen oant dúdlik wurdt oft der noch altiten ferlet fan is. Dat seit de Fryske rezjytafel, dêr't gemeenten, de feilichheidsregio en it COA yn gearwurkje. Nei de simmer wurdt besjoen oft der yn Fryslân echt sântûzen flechtlingen opfongen wurde moatte, sa't earder ôfpraat is.

Mooglik is it net mear nedich, omdat der folle minder flechtlingen nei Nederlân komme as foarsjoen waard. Gemeenten moatte ek mear wurk meitsje fan de opfang fan flechtlingen dy't hjir bliuwe meie, seit de rezjytafel.

Dit jier moat noch plak fûn wurde foar hast alvehûndert minsken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)